De mooiste ijsbaan van Fryslan!!

25 jannewaris, 2013 – 21:09 – Beetstersweach hat de moaiste iisbaan fan Fryslân. Dat fine de harkers fan Omrop Fryslân Radio. Yn de Reade Tried fan freed koene harkers har favorite iisbaan oanjaan by Omrop Fryslân. Njonken dy fan Beetstersweach waarden dy fan Wikel en Hijum ek in soad neamd.

Mei help fan fise-foarsitter Johannes de Vries fan it gewest Fryslân fan de KNSB waard de iisbaan fan Beetstersweach úteinlik útroppen ta moaiste fan Fryslân. Oan de ferkiezing is oars gjin priis ferbûn as rom en eare.

Bron: Omrop Fryslan